Menu

AlleFriezen is in webstee dat sjen litte wol wat der yn de Fryske gemeente-argiven, it Histoarysk Ynformaasjesintrum Noordoost Fryslân, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar te finen is oer alle Friezen, dy’t berne, troud en ferstoarn binne yn de provinsje Fryslân, fan de 16de ieu oant mids jierren fyftich fan de foarige ieu.

AlleFriezen stribbet der ynearsten nei om alle gegevens út de iepenbiere akten fan de boargerlike stân (fan 1811 ôf) beskikber te stellen en it mooglik te meitsjen om alle akten dy’t by de presintearre gegevens hearre te besjen. AlleFriezen is dêrby ôfhinklik fan (finansjele) meiwurking fan de Fryske gemeenten. Op termyn moatte de gegevens út de boargerlike stân oanfolle wurde mei gegevens út oare boarnedokuminten, lykas it befolkingsregister.

Op it stuit binne de berte- (1811-1923), houliks- (1811-1948) en ferstjerregisters (1811-1973) fan in grut tal gemeenten fan de provinsje Fryslân te rieplachtsjen.

Sjoch foar de dielnimmende gemeenten yn it linkerframe. Der kin op namme socht wurde, de akte kin ynsjoen wurde en eventueel printe wurde. Der kin ek troch de registers blêde wurde.

Sadree’t in gemeente de finansiering foar it skennen fan de akten foarinoar hat, sil dy gemeente yn it rychje “Deelnemers” setten wurde. Dat wol lykwols noch net sizze dat de akten al digitaal beskikber binne. It bedriuw Pictura hellet de akten by Tresoar op om dy te skennen. By it skennen hinget alles ôf fan de beskikbere skenkapasiteit. Om in idee te jaan,  op it stuit binne der mei-inoar mear as 6 miljoen iepenbiere Fryske akten fan de boargerlike stân. Hâld it webstee dus goed yn ‘e gaten foar nije input.

Mei it each op it grutte tal gegevens op dit webstee, binne flaters en tekoartkommings spitigernôch net foar te kommen. As jo by it trochsykjen fan de database lekken en brekken tsjinkomme (bgl. Jan moat Piet wêze, data binne net logysk, nammen fan de oanbelangjende minsken binne trochinoarhinne helle, akten binne ferkeard keppele, ensfh.), dan kinne jo ús dat mei it formulier byde detailgegevens oanjaan. As dat fanneden is, wurdt it record yn it boarnebestân ferbettere. De mutaasjes wurde in pear kear jiers yn groepen ferwurke. By it ynfieren jildt dat de skriuwwize dy’t yn de akte stiet bepalend is.

Sykje

AlleFriezen biedt de mooglikheid om de registers fan de boargerlike stân fan de dielnimmende gemeenten fluch op famylje- en foarnamme, fia it ienfâldige sykskerm (links), troch te sykjen. Jo kinne yn alle gemeenten tagelyk sykje, mar ek yn ien gemeente ôfsûnderlik. Boppedat kinne jo jo sykopdacht spesifisearje mei de knop “uitgebreid”. Fia dat skerm kinne jo sykje yn de ôfsûnderlike boarnetypen en eventueel yn in sels te kiezen perioade. Om op likefolle hokker trefwurd yn alle fjilden tagelyk sykje te kinnen, kinne jo de knop “vrij” brûke.

Op it stuit binne ferwizings nei de berte- (1811-1923), houliks- (1811-1948) en ferstjerakten (1811-1973) fan de boargerlike stân fan de dielnimmende gemeenten te rieplachtsjen. It is de bedoeling om yn de takomst alle akten fan de boargerlike stân fan alle Fryske gemeenten te digitalisearjen en oan de dêrby hearrende persoanen (les: aktenûmers) te keppeljen.

Jo kinne alle fjilden fan it record yn ferbân mei de oantroffen persoan yn in útrolfinster te sjen krije troch op de oanbelangjende rigel te klikken. Troch nochris te klikken lûkt it finster him wer ticht. De akten/siden dêr’t út de database wei nei ferwiisd wurdt, binne mei ien mûsklik op de knop “bekijk details” op te roppen. As jo streekrjocht út it resultateskerm wei nei de orizjinele akte gean wolle, klikke jo op it eachikoantsje. Jo kinne ek in ôfdruk fan de akte meitsje.

Gebrûk wildcards

By it sykjen kinne jo gebrûk meitsje fan saneamde wildcards. Troch in asterisk (*) te brûken, sykje jo nei treffers wêrby’t in part fan it wurd in fariabele stavering hat. De sykopdracht “P*ter*” smyt sawol “Pieter”, “Peter” “Piter”,as “Peter K”op. As ien letter ûnbekend is, kinne jo it fraachteken (?) brûke. De sykopdracht Ann? sil dus sawol treffers mei de namme Anna as Anne opsmite.