Menu

Bevolkingsregister / Befolkingsregister
De Befolkingsregisters binne ûntstien út folkstellingen, dy't al sûnt de achttjinde iuw yn Nederlân hâlden waarden. By Keninklik Beslút fan 22 desimber 1849 waard it befolkingsregister foar de Nederlânske gemeenten mei yngong fan 1850 ferplichte steld. Ynwenners wiene ferplichte om harren ferhuzingen troch te jaan, sadat de gemeentebestjoeren altiten krekt op de hichte wiene fan de omfang fan de befolking en wêr't de ynwenners tahâlden.
Mear oer de Befolkingsregister op Wikipedia: nl.wikipedia.org/wiki/Bevolkingsregister

Burgerboeken / Boargerboeken
Boargerboeken, dy't yn oare provinsjes meastal 'poorterboeken' neamd wurde, foarmje in útsûndering op de regel dat de lokale oerheid neat die oan befolgingsadministraasje. Se komme allinne foar yn de stêden. Oan de manlike ynwenners fan de Fryske stêden koe it saneamde ‘burger- of poorterschap’ takend wurde. Om as selsstannige in berop út te oefenjen moast men lid wêze fan in gilde en dêrfoar wie wer it boargerskip easke. Om in funksje yn it stedsbestjoer te krijen moast men al wol in tal jierren boarger wêze. Men waard boarger troch berte of troch 'oankeap'. Boargers hiene ferskate foarrjochten, sa as frijstelling fan beteljen fan guon toljilden. Neidat de kosten (in pear gûne) betelle wiene en de oanbelangjende eed (foar de mennisten: belofte) ôflein wie waard de nijbakken boarger ynskreaun yn it boargerboek. Meastal waarden, njonken de datum fan ynskriuwen en syn namme, ek it berop en berteplak opskreaun, yn guon gefallen (ek) it eardere wenplak of oare gegevens, lykas soannen dy't fuortendaliks ek it boargerrjocht krigen. Troch lang bûten de stêd te wêzen koe it rjocht ek wer ferlern gean (it waard dan "verwoond"). Ut: "Friezen gezocht" troch P. Nieuwland.
Fan de folgjende gemeenten binne de boargerboeken troch te sykjen: Bolsward 1579-1582 en 1609-1799, Dokkum 1547-1798, Franeker 1539-1807, Harlingen 1683-1806, Hindeloopen 1642-1754, IJlst 1634-1771, Sloten 1562-1783, Sneek 1517-1803, Stavoren 1661-1806, Workum 1637-1811.

Burgerlijke stand / Boargerlike stân
Yn 1811 is de Boargerlike Stân ynfierd. Sûnt dy tiid wurdt yn alle gemeenten de registraasje fan berte-, houliksakten en akten fan ferstjerren byhâlden. Om privacyredenen wurde dizze akten pas nei in bepaalde perioade iepenbier. Dat is foar berteakten nei 100 jier, houliksakten nei 75 jier en stjerakten nei 50 jier. Om't de akten faak yn blokken fan fiif of tsien jier publisearre wurde, kinne dizze jierren yn 'e praktyk wat ferskille. Fan alle gemeenten, mei útsûndering fan Weststellingwerf, binne meastal scans fan de orizjinele akten oan de gegevens keppele.

Doop-, Trouw-, Begraaf- en Lidmatenboeken (DTB of DTBL) voor 1812 / Doop-, Trou-, Begraffenis- en Lidmatenboeken (DTB of DTBL) foar 1812
Dêryn kinne jo de nammen fine fan de dopelingen, de trouden, ferstoarnen en lidmaten út de doop-, houlikeboeken, boeken fan ferstjerren, begraffenis en lidmaten fan de Fryske pleatslike tsjerken en gerjochten fan de stêden, gritenijen en eilannen. De lidmatenboeken rinne troch oant 1850. Fan dizze lêste registers binne scans yn de database opnommen.
Mear oer begroeven foar 1812
Mear oer houliken yn de DTB
Mear oer lidmaten yn de DTB

Emigranten
Dizze database befettet gegevens oer emigraasje út in oantal* gemeenten yn Fryslân nei û.o. de Feriene Steaten en Kanada. Dizze registers binne te rieplachtsjen by de oanbelangjende gemeenten. De basis is lein troch mefr. A. Galema dy't foar har dissertaasje wiidweidich argyfûndersyk dien hat. Tresoar hat dêr mei help fan frijwilligers gegevens út oare gemeenten tafoege. Om hjiryn sykje te kinnen, kinne jo folstean mei it yntypen fan op syn minst ien namme. Jo krije dan yn de regel wol in hiel soad antwurden. Dus is it handiger om te sykjen op kombinaasjes fan nammen. Jo kinne ek kombinearje mei in gemeentenamme. Jo kinne it bêste allinne dat type dêr't jo wis fan binne.
Foaroan yn it bestân sitte gegevens dy't troch frijwilligers ynfierd binne. De twadde helte befettet gegevens dy't fêstlein binne troch mefr. Galema. De gemeente Barradiel komt yn beide parten foar, dochs liket der net folle oerlaap te wêzen. De gegevens fan mefr. Galema helje jo der gau út omdat alles yn HAADLETTERS typt is.
*Op it stuit befettet de databank gegevens fan 'e gemeenten: Achtkarspelen, Barradeel, Frjentsjer, Harns, Menameradiel, Smellingerlân, Tietjerksteradeel, Oostdongeradiel, Westdongeradiel, It Bilt, Ferwerderadiel en Wonseradeel.

Huwelijksbijlagen / Houliksbylagen
Om trouwe te kinnen moasten en moatte breid en brêgeman in oantal bewiisstikken ynleverje by de amtner fan de boargerlike stân, de saneamde houliksbylagen. Under dy taheakken fine wy úttreksels út ferskate akten dy't ynformaasje oer it breidspear jouwe. Dêryn faak foarkommende úttreksels binne berte- of doopbewizen, sertifikaten fan ûnfermogen, bewiis fan ferstjerren fan eardere partners, houlikstastimming fan de âlders. As de breid of brêgeman noch gjin 30 jier âld wie en syn of har âlders beide ferstoarn wiene, dan kinne jo ek gegevens oantreffe oer de pakes en beppes. Dizze regeling wie jildich oant 1838.
De houliksbylagen binne oant en mei 1932 omtrint folslein oanwêzich. Houliksbylagen nei 1932 binne ferneatige, útsûndering dêrop binne de taheakken dy't betrekking hawwe op houliken wêrfan ien fan de partners net yn it besit wie fan de Nederlânske nationaliteit.
De houliksbylagen binne yn 2018 digitalisearre en dêrnei keppele oan de houliksakte.
Under de scan fan de houliksakte stiet 1/2 (1 befettet de houliksakte, 2 befettet de houliksbylage). Troch op it pylkje dernjonken te klikken komme jo by de by de akte behearrende bylage, jo kinne dêrnei trochblêdzje mei ‘folgjende’.

Inscripties en grafschriften / Ynskripsjes en grêfskriften
It bestân Ynskripsjes en grêfskriften befettet gegevens oer persoanen út Fryslân oer de perioade 1341-1901. Dy gegevens binne oernommen fan opskriften fan grêfstiennen, roubuorden, muorrestiennen, berteleppels, nammeplaatsjes, tsjerkebanken, tsjerke-oargels, tsjerkesulver ensfh..
De gegevens binne sammele en ynfierd troch de hear Hessel de Walle.
Hessel de Walle is lid fan de Grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân. Dy kommisje bringt grêfstiennen en oare memorabilia yn kaart dy’t fûn wurde by restauraasje fan âlde tsjerken yn Fryslân. Fan de beskreaune objekten binne foto’s makke, dy foto’s kinne besjoen wurde op ’e webside fan Hessel de Walle: www.walmar.nl/inscripties.asp

Kadaster
Likegoed de kaarten út 1832 (‘minuutplans’ as dy út 1887 (‘netteplans’) fan alle Fryske kadastrale gemeenten binne digitalisearre. Dêrop binne alle perselen yntekene en elk perseel is foarsjoen fan in eigen (perseel)nûmer. 
Mear oer it Kadaster op wikipedia: fy.wikipedia.org/wiki/Kadaster

Kamer van Koophandel / Keamer fan Keaphannel 
Sûnt 1921 binne in soad bedriuwen ferplichte har yn it Hannelsregister yn te skriuwen. It Hannelsregister wurdt byhâlden troch de Keamer fan Keaphannel yn it gebied dêr’t it bedriuw fêstige is. It giet om frijwol alle bedriuwen dy’t yn 1921 bestiene en/of fóar 1977 opheven binne. Fan elk ynskreaun bedriuw wurdt in dossier oanlein. De ynhâld fan it dossier bestiet út in oantal kearngegevens oer it bedriuw, de juridyske struktuer en ferantwurdlike persoanen. Feroaret der wat by it bedriuw, dan komt dat yn it dossier. De dossiers fan útskreaune bedriuwen wurde nei ferrin fan tiid oerbrocht nei in ryksargyf. Fan de Fryske Keamer fan Keaphannel binne de dossiers fan de oant en mei it jier 1977  útskreaune bedriuwen (sa'n 28.000 stiks) oerbrocht nei Tresoar. Yn dizze database (fan de oerdroegen dossiers) kin socht wurde op plaknamme en op namme fan it bedriuw. Dat is yn in soad gefallen de namme fan de eigner.
Mear oer de Keamer van Keaphannel op wikipedia: nl.wikipedia.org/wiki/Kamer_van_Koophandel

Leeuwarden Aanvulling Begraafboeken ca. 1550-1805
Leeuwarden Adresboek 1872 (Hoofdbewoners 1872)
Leeuwarden Grootschippersgilde ca. 1554-1823
Leeuwarden Huisfloreen 1808
Leeuwarden Koopakten 1540-1811
Leeuwarden Wezen (Old Burger Weeshuis) 1619-1824
Leeuwarden Registres Civiques 1811
Leeuwarden Schoorsteengeld 1606
Leeuwarden Stemgerechtigden 1824
Leeuwarderadeel Manspersonen 1812

mear ynformaasje op historischcentrumleeuwarden.nl

Memorie van successie
De ‘memories van successie’ (1818-1902) binne troch de belestingtsjinst opmakke oersichten fan erfenissen. Sy biede de ûndersikers de mooglikheid om ynsjoch te krijen yn de fermogensposysje fan foarâlden. Boppedat kin der ynformaasje fûn wurde oer famyljeleden dy’t oars dreech te finen is. De orizjinele akten binne op de stúdzjeseal te rieplachtsjen. It bestellen fan kopyen is net mooglik.
lês mear oer memoarje fan Suksesje

Militairen 1795-1815 / Militêren 1795 - 1815
It bestân Militairen in leger en marine 1795 – 1815 befettet gegevens oer militêren út Fryslân, yn tsjinst fan it leger of de marine fan de ‘Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden’, de ‘Bataafse Republiek’,  it ‘Koninkrijk Holland’, it ‘Franse Keizerrijk’ en/of it ‘Koninkrijk der Nederlanden (Waterloo)’.
lês mear oer Fryske soldaten 1795-1815

Militieregisters
De 'Militieregisters' befette de 'inschrijvingsregisters, alfabetische naamlijsten en lotingsregisters', dy't brûkt waarden tusken 1815 en 1922 foar 'oproeping, loting en keuring'.
Elke manlike Nederlânske en net-Nederlânske ynwenner tusken de 18 en 23 jier moast registrearre wurde.
Men koe in ûntheffing krije op ferskate grûnen, lykas fysike tekoarten en 'broederdienst'. Dizze en oare details wurde opmurken yn it register, lykas in beskriuwing en eventuele lichemsdefekten.
Oant 1862 wiene der yn Fryslân 16 Militiekantons. De kantons waarden ôfskaft mei de Militiewet fan 1861. Twa Militiedistrikten namen har plak yn: It earste distrikt yn Ljouwert en it twadde distrikt op It Hearrenfean.
Op AlleFriezen binne allinich de registers fermeld wêrfan scans beskikber binne: inv.nrs 9546 t/m 9595, 9608 t/m 9659, 9710 t/m 9711, 9714 t/m 9715.
Foar spesifikaasje, sjoch op de side fan Tresoar; Toegang 11 (Provinciaal Bestuur van Friesland 1813-1922), inv.nrs. 9534 t/m 9742, jo kinne der ek mear oer it lêze yn it boek 'Friezen Gezocht' fan P.Nieuwland, side 229

Naamsaanneming 1811
Dizze database befettet de yn 1811 en 1812 yn Fryslân registrearre famyljenammen, mei scans fan de orizjinele akten.Yn 1811 waard it hawwen fan in famyljenamme ferplichte en moast elk haad fan in gesin de namme dy't er keazen hie registrearje litte op it gemeentehûs. Benammen yn it noarden en it easten fan Nederlân dêr't mannichien noch gjin famyljenamme brûkte, betsjutte dat in hiele feroaring.
Omdat hiel wat minsken net lêze en skriuwe koene en der ek noch gjin lannelike staveringsregels bestiene, binne hiel wat nammen ferkeard yn de akten telâne kommen. Sa kin it foaromme dat der yn ien en deslede famylje bytiden meardere farianten fan deselde achternamme brûkt wurde. Tink dêrby bygelyks oan Smit, Smid, De Smid ensfh.
Omtrint alle Registers mei famyljenammen binne bewarre bleaun. Allinne dy fan de eilannen, It Bilt, Menameradiel en Ljouwert binne ferlern gien.

Nedergerechten / Nedergerjochten
Nedergerjochten wiene lokale rjochtbanken dy't in stêd of gritenij (plattelânsdistrikt ûnder lieding fan in grytman) as ressort hiene. Sy binne ûntstean yn de lette Midsiuwen troch it útinoar fallen fan gruttere rjochtsdistrikten. Dat is de reden dat in soad nammen fan gritenijen einigje op -diel. By de Saksyske Ordonnânsje fan 1504 waard de lokale rjochtspraak reglemintearre.
Oant de Frânske tiid wiene bestjoer en rjochtspraak net skieden. De grytman wie dus net allinne te fergelykjen mei in boargemaster, mar ek mei in kantonrjochter. Dochs wie der in wichtich ferskil tusken it foech fan de grytman yn beide funksjes. Yn bestjoerssaken hie hy gjin lêst fan meibestjoerders, mar as rjochter moast hy in kolleezje foarmje mei trije of fjouwer bysitters, ek wol meirjochters of assessoaren neamd, ien fan harren fungearre as substitút-grytman. Fansels wie de grytman wol foarsitter fan it nedergerjocht. Ornaris hiene noch de grytman, noch de bysitters rjochten studearre. It wie dan ek de taak fan de sekretaris, meastal wol in jurist, om de saak yn goede banen te lieden.
Om in spesifyk ynventarisnûmer te sykjen fan in gemeente wêrfan de ynhâld al yndeksearre is: "neder* gemeentenamme xxx" wêrby't xxx it ynventarisnûmer is mei trije posysjes, dus mei 'foarrin' nullen.

Notarieel archief / Notarieel argyf
Dizze database befettet gegevens út akten, dy’t yn de perioade 1809 – 1925 foar de notarissen yn Fryslân opmakke binne. It biedt tagong ta testaminten (oant 1915), akten fan boelskieding, ferkeapakten, skuldbekentenissen en alderlei akten wêrfoar’t de notaris ynskeakele waard.
In part fan dit argyf is digitalisearre, it is mooglik dat aktenûmers fan heech nei leech lizze yn it pakket en dan wurdt de scan fan it heechste aktenûmer as earste werjûn.
By foutmeldings notarieel graach it fotonûmer fermelde, as dat fan tapassing is.
lês mear oer Notarieel argyf

Ontvanger-generaal
Bysûndere betellingen troch Deputearre Steaten fan Fryslân út de opbringst fan guod út kleasters binne sammele yn in twatal boeken mei as titel: “Extraordinaris” (1592 – 1646).
lês mear oer Extraordinaris

Pottenbakkers / Pottebakkers
Dizze database befettet gegevens út advertinsjes út de Ljouwerter Krante (1752 – 1900) oangeande pottebakkers, pottebakkerijen, potskippen en potten en pannen.
lês mear oer Pottebakkers

Quaclappen
Yn de quaclappen (‘quat clappen’ = rabbelje) stean de teksten fan de fonnissen fan it Hof van  Friesland yn sivile saken koart en bûnich oantekene. Dizze database befettet nammen fan de partijen (easkers en foarroppenen) út de perioade 1527 – 1591, lykas se yn de ‘quaclappen’ registrearre binne.
lês mear oer Quaclappen

Quotisatie 1749
De ‘quotisatie’, in belesting nei draachkrêft, waard yn 1749 ynfierd. Yn dat jier waarden yn elke stêd en gritenij oersichten makke fan alle húshâldingen mei gegevens oer de gearstalling fan de húshâlding en de wolstân en de op basis dêrfan opleine oanslach yn de ‘quotisatie’-belesting.
lês mear oer Quotisatie 1749

Registres Civiques
Yn de Registres Civiques stean de nammen fan minsken mei stimrjocht (1811/1812). De minsken mei stimrjocht wiene mannen fan 21 jaar en âlder. De registers befetsje gegevens lykas foar- en achternammen, ‘patroniemen’, beroppen, bertedata, ynskriuwdata en (soms) adressen.
lês mear oer Registres civiques

Rolboeken arrondissemintsrjochtbanken (strafrjochtelik argyf)
Dêryn stean de nammen fan foarroppenen dy’t fan 1838 ôf ferskynd binne foar de arrondissemintsrjochtbanken, respektyflik It Hearrenfean (oant 1924), Ljouwert (oant 1940, mar te rieplachtsjen oant 90 jier ferlyn) en Snits (oant 1878). Scans fan de orzjinele rolboeken  binne taheakke en biede ynformaasje omtrint de aard fan de saak en de feroardieling. De fonnissen kinne op de stúdzjeseal fan Tresoar ynsjoen wurde.
lês mear oer it Strafrjochtelik argyf

Stemkohieren / Stimkohieren
De stimkohieren wiene bedoeld om de eigeners en brûkers fan ‘stemgerechtigde goederen’, meast buorkerijen, te registrearjen. Yn dizze database kinne jo de gegevens opsykje út de printe stimkohieren fan 1698 en 1728.
lês mear oer Stimkohieren

Studenten Franeker (Alumni)
Dêryn kinne jo de gegevens fine oer betellingen troch Deputearre Steaten fan Fryslân oan skoalbern en studinten (alumni) yn de perioade 1592 – 1646. De stúdzjebeurs waard destiids faak úttsjutte mei de term ‘pensie’.
lês mear oer Studinten Frjentsjer (Alumni)

Tietjerksteradeel bevolking
mear ynformaasje op pnieuwland.nl

Tietjerksteradeel hypotheekboeken
mear ynformaasje op pnieuwland.nl

Tietjerksteradeel informatieboeken
mear ynformaasje op pnieuwland.nl

Tietjerksteradeel speciekohieren
mear ynformaasje op pnieuwland.nl

Volkstelling 1744 / Folkstelling 1744
Troch klachten oer minne hannel en skipfeart besochten de Steaten oft de saneamde havenpacht ôfskaft wurde koe. Ynstee soe in jierliks ​​kwotum hifke wurde op húshâldens. Om de opbringst fan dit kwota foarôf te beoardieljen, waarden alle grietenijen en stêden fersocht steaten yn te tsjinjen neffens resolúsje fan 13 maart 1744. De 'Omschrijvinge van familiën' befettet gjin wiidweidige gegevens, mar is folslein bewarre bleaun. Neffens de boarne hie Fryslân op dat stuit (eksklusyf de eilannen) 135.133 ynwenners. Yn dizze databank fine jo ûnder oare de nammen fan 'e haad fan' e húshâlding en de famyljegrutte en it oanbeane bedrach. Minsken dy't neat oanbean hawwe waarden ferdield yn trije kategoryen: vermogend (wel in staat, maar onwillig), insolvent (niet in staat) respectievelijk gealimenteerd (bedeeld, armlastig). Boarne: P. Nieuwland, Friezen gezocht.

Volkstellingsregister
Sûnt 1829 waarden der yn Nederlân om de tsien jier folkstellingen hâlden. Yn in oantal Fryske gemeenten binne de folkstellingregisters fan 1829 en 1839 - en yn guon gefallen sels de oanjeftebiljetten - bewarre bleaun. De folkstellingen waarden net hieltyd troch byhâlden, wêrtroch de gegevens yn de registers al gau net mear aktueel wiene en dêrom net mear as in momintopname werjouwe. Der kin net yn de folkstellingsregisters apart socht wurde, mar se wurde meinommen by in sykopdracht yn it befolkingsregister fan Ljouwert.
Mear oer de Folkstelling op wikipedia: nl.wikipedia.org/wiki/Volkstelling

Wijkregister
Yn 1843 is de gemeente Ljouwert begûn mei it oanlizzen fan in saneamd Wijkregister. Hjiryn waarden oant ein 1847 per adres mutaasjes fan fêstiging en fuortgean byhâlden, wêrby't bern ûnder de sechstjin jier allinne getalsmjittich neamd waarden. Yn 1848 is dit wijkregister op 'e nij opset, mar yn ferbân mei de lanlike ynfiering fan it Bevolkingsregister fierder net byhâlden. Der kin net yn de folkstellingregisters apart socht wurde, mar se wurde meinommen by in sykopdracht yn it befolkingsregister fan Ljouwert.

In grut oantal fan de hjirboppe neamde boarnen binne tagonklik makke troch de stifting Freonen fan de Argiven fan Fryslân (FAF).

Oanfullingen/tafoegingen:

23 sept. 2015: nije, noch net earder publisearre data yn Alle Friezen:

  • BS Huwelijken: periode 1923-1932 alle gemeentes
  • BS Geboortes: periode 1903-1912 alle gemeentes
  • BS Overlijdens: periode 1951-1962 van de volgende gemeentes: Achtkarspelen, Ameland, Baarderadeel, Het Bildt, Ferwerderadeel, Franekeradeel, Harlingen, Hennaarderadeel, Idaarderadeel, Kollumerland, Leeuwarderadeel, Menaldumadeel, Opsterland, Rauwerderhem, Schiermonnikoog, Terschelling, Tietjerksteradeel, Vlieland, Westdongeradeel
  • Lidmaten: Barradeel
  • Volkstelling: Harlingen
  • Notarieel: St. Annaparochie II 1821-1829, Berlikum 1906-1912, Giekerk 1862-1901, Heerenveen II 1869-1875, Oosterwolde 1884-1891, Sneek III 1916-1925

april 2016: It bestân DTB Begraven is oanfolle mei sa'n 17.000 gegevens oer ferstjerren, ôfkomstich út diakony- en tsjerkfâdijrekkenboeken fan de tsjerklike gemeentes Ferwerd, Grouw, IJlst, Britsum, Menaldum, Dronrijp, Oosterwolde, Drachten, Hardegarijp, Wolvega, Makkum en út de deadskistenadministraasje fan Workum

juny 2016: De BS Overlijdens binne oanfolle mei it tiidrek 1951-1962 fan de folgjende gemeentes: Achtkarspelen, Barradeel, Dokkum, Doniawerstal, Gaasterland, Hemelumer Oldeferd, Hindeloopen, IJlst, Lemsterland, Oostdongeradeel, Sloten, Stavoren, Utingeradeel, Weststellingwerf (Noordwolde en Wolvega), Wonseradeel.
Notarieel is onfolle mei Akkrum 1926-1935 notaris Henricus Catharinus van Slooten, Anjum   1926-1934 notaris Foeke Aleva, Anjum 1934-1935 notaris Barteld Bolwijn, Beetsterzwaag  1926-1932 notaris Roelof Zijlstra, Berlikum 1926-1928 notaris Hendrikkus van Hulst, Buitenpost 1926-1935   notaris Peereboom, Metslawier 1926-1929 notaris Simon Pieter Groenier, Metslawier 1929-1935 notaris Willem Brons, Ternaard 1926-1935 notaris Cornelis Groendijk

april 2017: De BS Overlijdens binne oanfolle mei it tiidrek 1951-1962 fan de folgjende gemeentes: Bolsward, Haskerland, Heerenveen en Smallingerland.

2017

  • Oanfulling burgerlijke stand overlijden: Achtkarspelen 1963-1966, Ameland 1963-1966, Bolsward 1963-1966, Dantumadeel 1951-1966, Heerenveen 1963-1966, Sneek 1951-1962, Wijmbritseradeel 1951-1962.
  • Oanfulling bevolkingsregisters Tietjerksteradeel, Het Bildt, Gaasterland, Harlingen, Hennaarderadeel, Menaldumadeel (Vele Handen).
  • Oanfulling notariskantoren: St. Annaparochie 1926-1935, Balk 1926-1935, Bolsward 1926-1935, Drachten I 1926-1935, Drachten II 1926-1935, Dronrijp 1928-1935, Franeker I 1926-1931, Giekerk 1926-1935, Hardegarijp 1926-1935, Heerenveen II 1839-1869, Marrum 1926-1935.

2018

  • Oanfulling burgerlijke stand overlijden: Harlingen 1962-1966, Hemelumer Oldeferd 1963-1966, Hennaarderadeel 1963-1966, Hindeloopen 1963-1966 en Idaarderadeel 1963-1966.
  • Tafoeging scans Nedergerechten: Achtkarspelen, Aengwirden, Baarderadeel, Barradeel, Het Bildt, Bolsward, Dantumadeel, Dokkum, Doniawerstal, Ferwerderadeel, Franeker, Leeuwarden en Ooststellingwerf.
    N.B. Te rieplachtsjen as bestannen dêr't trochhinne blêde wurde kin. It is mooglik dat in ynventarisnûmer ûntbrekt mar dat komt dan om't de fysike steat fan dat ynventarisnûmer digitalisearen ûnmooglik makket.
  • Tafoeging scans burgerlijke stand Ooststellingwerf: 20.000 scans fan de iepenbiere geboorte-, huwelijks- en overlijdensakten.
  • Tafoeging scans fan alle houliksbylagen o/m 1932 (útsûndere de gemeente Leeuwarden).
    N.B. Troch by de thumbnail fan de akte op it pylkje nei rjochts te klikken komt de thumbnail fan de taheakken tefoarskyn. Troch op dizze thumbnail te klikken kin der troch de taheakken blêde wurde.
  • Oanfulling burgerlijke stand huwelijken: Haskerland 1933-1942.
  • Tafoeging scans Notarieel archief.
    N.B. De scans binne net oan de akten keppele dus der moat blêdere wurde om by de krekte akte út te kommen. Dêrnjonken kin it foarkomme dat der begûn wurdt mei it lêste aktenûmer fan in perioade. Dit komt om't de aktes dan achterstefoaren yn in pak lizze en der dus ek achterstefoaren scand is.

2019

  • Bevolkingsregisters o.a. Schoterland, Aengwirden.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1933-1943.
  • Burgerlijke stand overlijden 1963-1967.
  • DTB Lidmatenregisters Harlingen.
  • Leeuwarden: Begraafboeken ca. 1550-1805, Adresboek 1872 (Hoofdbewoners 1872), Grootschippersgilde ca. 1554-1823, Huisfloreen 1808, Koopakten 1540-1811, Wezen (OBW) 1619-1824, Registres Civiques 1811, Schoorsteengeld 1606, Stemgerechtigden 1824 en Leeuwarderadeel Manspersonen 1812.
  • Notariskantoren 1926-1935: Baarderadeel, Barradeel, Barradeel, Dantumadeel, Franeker, Franeker, Harlingen, Harlingen, Haskerland, Heerenveen, Hemelumer Oldeferd, Idaarderadeel, Idaarderadeel, Idaarderadeel, Leeuwarderadeel, Menaldumadeel, Ooststellingwerf, Opsterland, Sneek, Sneek, Terschelling, Terschelling, Weststellingwerf, Wonseradeel, Wonseradeel, Workum.
  • Scans Nedergerechten en scans Notarieel archief.

2020

  • Bevolkingsregister Smallingerland.
  • Burgerlijke stand geboorten 1913-1918: Ameland, Baarderadeel, Dokkum, Ferwerderadeel, Franeker, Harlingen, Hindeloopen.
  • DTB Lidmaatregisters Hervormde gemeenten Franekeradeel 1636-1851: Peins, Ried en Boer, Midlum, Dongjum, Herbayum, Achlum, Tzum.
  • Militieregisters incl. scans: inv.nrs. 9546 t/m 9595 (1863 t/m 1912), inv.nrs. 9608 t/m 9659 (1863 t/m 1914), inv.nrs. 9710 t/m 9711 (1913-1914) en inv.nrs. 9714 t/m 9715 (1917-1918).
  • Scans burgerlijke stand huwelijken 1944: Achtkarspelen, Baarderadeel, Barradeel, Het Bildt, Bolsward, Doniawerstal, Franeker, Franekeradeel, Gaasterland, Harlingen, Haskerland, Hemelumer Oldeferd, Hennaarderadeel, Hindeloopen, Idaarderadeel, Kollumerland, Lemsterland, Menaldumadeel, Sloten, Sneek, Stavoren, Tietjerksteradeel, Utingeradeel, Wonseradeel, Workum en Wijmbritseradeel.
  • Scans huwelijksbijlagen gemeente Leeuwarden.
  • Scans Notariskantoren 1926-1936: Achtkarspelen, Menaldumadeel, Bolsward, Dantumadeel, Opsterland, Idaarderadeel, Heerenveen, Doniawerstal, Leeuwarden, Lemsterland, Oostdongeradeel, Ooststellingwerf, Idaarderadeel, Sneek, Dantumadeel, Idaarderadeel, Weststellingwerf, Hennaarderadeel, IJlst.

2021

  • Burgerlijke stand geboorten 1913: Menaldumadeel, Het Bildt, Franekeradeel, Doniawerstal, Kollumerland, Hennaarderadeel, Opsterland, Wijmbritseradeel, Hemelumer Oldeferd, Bolsward, Tietjerksteradeel, Oostdongeradeel, Ooststellingwerf, Idaarderadeel, Achtkarspelen.
  • Burgerlijke stand geboorten 1914: Gaasterland, Hemelumer Oldeferd, Hennaarderadeel, Sloten, Idaarderadeel, Haskerland (Nijehaske), Haskerland (Joure), Oostdongeradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1915: Gaasterland, Idaarderadeel, Oostdongeradeel, Sloten.
  • Burgerlijke stand geboorten 1916: Oostdongeradeel, Sloten.
  • Burgerlijke stand geboorten 1917: Oostdongeradeel, Sloten.
  • Burgerlijke stand geboorten 1918: Oostdongeradeel, Sloten.
  • Burgerlijke stand geboorten 1919: Hindeloopen, IJlst, Schiermonnikoog, Sloten, Utingeradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1920: Ferwerderadeel, Schiermonnikoog, Terschelling.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1945: alle Friese gemeenten (m.u.v. Leeuwarden, Leeuwarderadeel en Rauwerderhem).
  • Burgerlijke stand overlijden 1963: Utingeradeel, Weststellingwerf/Wolvega (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1964: Sneek, Utingeradeel, Weststellingwerf/Wolvega (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1965: Sneek, Utingeradeel, Weststellingwerf/Wolvega (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1966: Sneek, Weststellingwerf/Wolvega (geen scans), Wonseradeel.
  • Burgerlijke stand overlijden 1967: Bolsward, Hindeloopen, Weststellingwerf/Wolvega (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1968: Hindeloopen, IJlst, Sloten, Stavoren.
  • DTB Lidmatenregisters Franeker, Hennaarderadeel, Wonseradeel.
  • Nedergerechten autorisatieboeken: Ferwerderadeel 1702-1811, Franeker 1731-1808, Harlingen 1762 t/m 1811, Idaarderadeel 1785-1809, Leeuwarden 1611-1624.
  • Nedergerechten weesboeken: Ooststellingwerf 1650-1676, Wijmbritseradeel 1599-1614.
  • Nedergerechten: Wijmbritseradeel recesboek 1562-1564, sententieboeken 1555-1654 en hypotheekboeken 1605-1629.

2022

  • Bevolkingsregisters 1850-1922: Bolsward, Hemelumer Oldeferd, IJlst, Stavoren, Workum, Wijmbritseradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1913: Aengwirden (geen scans), Westdongeradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1914: Aengwirden (geen scans), Franekeradeel, Het Bildt, Menaldumadeel, Westdongeradeel (geen scans), Wijmbritseradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1916: Aengwirden (geen scans), Franekeradeel, Gaasterland, Haskerland (Joure), Haskerland (Nijehaske), 1916, Het Bildt, Menaldumadeel, Wijmbritseradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1917: Franekeradeel, Gaasterland, Haskerland (Nijehaske), Het Bildt.
  • Burgerlijke stand geboorten 1918: Barradeel, Franekeradeel, Gaasterland, Haskerland (Nijehaske), Het Bildt.
  • Burgerlijke stand geboorten 1919: Ameland (geen scans), Baarderadeel, Barradeel, Het Bildt, Dokkum(geen scans), Franeker, Franekeradeel, Gaasterland, Haskerland (Nijehaske), Lemsterland, Workum.
  • Burgerlijke stand geboorten 1920: Ameland (geen scans), Baarderadeel, Barradeel (geen scans), Het Bildt, Dokkum (geen scans), Gaasterland, Hindeloopen, IJlst, Lemsterland, Sloten, Stavoren, Vlieland.
  • Burgerlijke stand geboorten 1921: Ameland 1921 (geen scans), Barradeel, Het Bildt, Dokkum, Ferwerderadeel, Hindeloopen, IJlst, Lemsterland, Schiermonnikoog, Sloten, Stavoren, Vlieland.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1945: Idaarderadeel, Leeuwarderadeel en Rauwerderhem, Utingeradeel.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1946 (met scans): Bolsward, Hemelumer Oldeferd, Idaarderadeel, Leeuwarderadeel, Rauwerderhem, Sneek, Stavoren, Wonseradeel.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1946 (zonder scans): Achtkarspelen, Ameland, Baarderadeel, Barradeel, Het Bildt, Dokkum, Doniawerstal, Franekeradeel, Harlingen, Haskerland, Heerenveen, Lemsterland, Menaldumadeel, Opsterland,  Smallingerland, Tietjerksteradeel, Westdongeradeel, Weststellingwerf.
  • Burgerlijke stand overlijden 1963: Smallingerland, Weststellingwerf/Noordwolde (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1964 t/m 1966: Weststellingwerf/Noordwolde (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1967: Ameland, Doniawerstal, Franekeradeel, Haskerland, Hennaarderadeel, Sneek, Terschelling, Weststellingwerf/Noordwolde (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1968: Ameland, Bolsward, Franekeradeel, Gaasterland, Lemsterland, Opsterland, Vlieland, Weststellingwerf (geen scans).
  • Burgerlijke stand overlijden 1969: Ameland, Franekeradeel, Gaasterland, Hindeloopen, IJlst, Lemsterland, Opsterland, Schiermonnikoog, Sloten, Stavoren, Vlieland, Weststellingwerf (geen scans).
  • DTB lidmatenregisters Bolsward Hervormde Gemeente 1581-1851, Bolsward Doopsgezinde Gemeente 1718-1850.
  • Nedergerechten autorisatieboeken: Leeuwarden 1611-1624, 1637-1648, 1648-1657 en Leeuwarderadeel 1742-1792.
  • Nedergerechten hypotheekboeken: Wijmbritseradeel 1605-1636.
  • Scans burgerlijke stand geboorten: Sneek 1903 t/m 1914, IJlst 1913-1914.

2023

  • Burgerlijke stand geboorten 1913: Schoterland, Smallingerland, Sneek, Weststellingwerf, Wonseradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1914: Achtkarspelen, Doniawerstal, Sneek, Weststellingwerf.
  • Burgerlijke stand geboorten 1915: Achtkarspelen, Doniawerstal, Hemelumer Oldeferd, Ooststellingwerf, Weststellingwerf, Hennaarderadeel, Sneek.
  • Burgerlijke stand geboorten 1916: Achtkarspelen, Hennaarderadeel, Sneek, Westdongeradeel, Weststellingwerf.
  • Burgerlijke stand geboorten 1917: Aengwirden, Haskerland(Joure), Menaldumadeel, Sneek, Westdongeradeel, Weststellingwerf, Wijmbritseradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1918: Aengwirden, Menaldumadeel, Westdongeradeel, Weststellingwerf(Noordwolde), Wijmbritseradeel, Haskerland(Joure).
  • Burgerlijke stand geboorten 1919: Aengwirden, Haskerland (Joure), Menaldumadeel, Oostdongeradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1920: Aengwirden, Doniawerstal, Franeker, Haskerland(Joure en Nijehaske), Menaldumadeel, Wijmbritseradeel.
  • Burgerlijke stand geboorten 1921: Aengwirden, Doniawerstal, Franeker, Haskerland(Joure en Nijehaske), Menaldumadeel, Franekeradeel-1921.
  • Burgerlijke stand geboorten 1922: Aengwirden, Dokkum, Ferwerderadeel, Franekeradeel, Haskerland(Joure en Nijehaske), Hindeloopen, IJlst, Menaldumadeel, Schiermonnikoog, Sloten, Stavoren, Vlieland, Ameland.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1946: Franeker, Gaasterland, Hennaarderadeel, IJlst, Schiermonnikoog, Terschelling, Vlieland, Dantumadeel, Ferwerderadeel, Kollumerland, Oostdongeradeel, Ooststellingwerf, Wijmbritseradeel, Workum.  
  • Burgerlijke stand huwelijken 1947: Dantumadeel, Dokkum, Harlingen, Heerenveen, Opsterland, Weststellingwerf, Oostdongeradeel, Bolsward, Sneek, Wijmbritseradeel, Ferwerderadeel, Workum, Menaldumadeel, Achtkarspelen, Westdongeradeel, Ameland, Schiermonnikoog, Vlieland, IJlst, Terschelling, Hindeloopen, Sloten, Stavoren, Tietjerksteradeel, Ooststellingwerf.
  • Burgerlijke stand overlijden 1964-1966: Smallingerland.
  • Burgerlijke stand overlijden 1967: Baarderadeel, Barradeel, Hemelumer Oldeferd, Smallingerland, Wonseradeel.
  • Burgerlijke stand overlijden 1968: Baarderadeel, Dantumadeel, Doniawerstal, Hemelumer Oldeferd, Hennaarderadeel, Oostdongeradeel, Smallingerland, Sneek, Terschelling, Westdongeradeel, Workum.
  • Burgerlijke stand overlijden 1969: Baarderadeel, Barradeel, Dantumadeel, Doniawerstal, Hemelumer Oldeferd, Hennaarderadeel, Terschelling, Oostdongeradeel, Workum.
  • Burgerlijke stand overlijden 1970: Dantumadeel, Ferwerderadeel, Franekeradeel, Hindeloopen, IJlst, Oostdongeradeel, Schiermonnikoog, Sloten, Stavoren, Vlieland.
  • Burgerlijke stand overlijden 1971: Dantumadeel, Ferwerderadeel, Hindeloopen, IJlst, Oostdongeradeel, Sloten, Stavoren.
  • Burgerlijke stand overlijden 1972: Dantumadeel, Ferwerderadeel, Hindeloopen, IJlst, Oostdongeradeel, Sloten, Stavoren, Terschelling.
  • Nedergerechten autorisatieboeken:  Leeuwarderadeel 1742-1811,  Menaldumadeel 1765-1809,  Sneek 1671-1683, Sneek 1683-1725.

2024

  • Burgerlijke stand overlijden: Schiermonnikoog 1971-1972, Vlieland 1971-1972.
  • Burgerlijke stand huwelijken: Franekeradeel 1947 en Gaasterland 1947.
  • Burgerlijke stand geboorten: Ooststellingwerf 1916, Ferwerderadeel 1923, IJlst 1923, Hindeloopen 1923.
  • Burgerlijke stand overlijden: Ameland 1970, Franekeradeel 1971.
  • Burgerlijke stand geboorten: Ooststellingwerf 1917-1918.
  • Burgerlijke stand overlijden: Westdongeradeel 1969 t/m 1972.
  • Burgerlijke stand geboorten: Wonseradeel 1914, Hemelumer Oldeferd 1916, Workum 1920-1921.
  • Burgerlijke stand geboorten: Schiermonnikoog 1923, Sloten 1923, Stavoren 1923.
  • Burgerlijke stand geboorten: Wonseradeel 1915-1916.
  • Burgerlijke stand huwelijken: Lemsterland 1947, Het Bildt 1947, Franeker 1947.
  • Nedergerechten recesboeken: Wijmbritseradeel 1591-1594 en 1904-1608.
  • Burgerlijke stand huwelijken 1947: Baarderadeel, Barradeel, Doniawerstal, Hemelumer Oldeferd, Hennaarderadeel en Wonseradeel.
  • Burgerlijke stand huwelijken: Bolsward 1948.
  • Burgerlijke stand geboorten: Hemelumer Oldeferd 1917 t/m 1921.
  • Burgerlijke stand overlijden: Ameland 1971-1973.
  • Burgerlijke stand geboorten: Bolsward 1914-1915, Hemelumer Oldeferd 1922, Workum 1922.
  • Burgerlijke stand huwelijken: Doniawerstal 1948.
  • Burgerlijke stand overlijden: Westdongeradeel 1973, Opsterland 1970.
  • Burgerlijke stand geboorten: Hemelumer Oldeferd 1923, Workum 1923.
  • Burgerlijke stand geboorten: Wonseradeel 1917 en 1918.
  • Burgerlijke stand geboorten: Doniawerstal 1916 en 1917.
  • Burgerlijke stand geboorten: Bolsward 1916-1917.
  • Burgerlijke stand huwelijken: Harlingen 1948, Wonseradeel 1948.
  • Burgerlijke stand overlijden: Sloten 1973, Hindeloopen 1973, Stavoren 1973, IJlst 1973.