Menu

Fryske Genealogyske Kontaktdei sneon 6 april 2024

‘Immigranten in Friesland door de eeuwen heen'
 
De Genealogyske Kontaktdei is it grutste evenemint op it mêd fan famyljeskiednis, mei lêzingen, ferskate standhâlders en rûnliedingen. Dizze edysje stiet yn it teken fan ‘Immigranten in Friesland door de eeuwen heen'. De dei wurdt hâlden op sneon 6 april tusken 10.00 en 16.00 oere by Tresoar en HCL yn Ljouwert. Foar it programmaoersjoch sjoch: Programma De tagong is fergees. Foar de rûnliedingen jildt graach yn it foar oanmelde.
Dizze 17de Fryske Genealogyske Kontaktdei wurdt organisearre troch it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn gearwurking mei de NGV Afdeling Friesland, de Stichting FAF, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar.

Wolkom op AlleFriezen.nl

AlleFriezen is in webstee dat sjen litte wol wat der yn de Fryske gemeente-argiven, it Histoarysk Ynformaasjesintrum Noordoost Fryslân, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar te finen is oer alle Friezen, dy’t berne, troud en ferstoarn binne yn de provinsje Fryslân, fan de 16de ieu oant mids jierren sechstich fan de foarige ieu.
AlleFriezen stribbet der ynearsten nei om alle gegevens út de iepenbiere akten fan de boargerlike stân (fan 1811 ôf) beskikber te stellen en it mooglik te meitsjen om alle akten dy’t by de presintearre gegevens hearre te besjen. AlleFriezen is dêrby ôfhinklik fan (finansjele) meiwurking fan de Fryske gemeenten. Op termyn moatte de gegevens út de boargerlike stân oanfolle wurde mei gegevens út oare boarnedokuminten, lykas it befolkingsregister.
Lês mear

Yn ferbân mei thúswurkjen it folgjende fersyk:

By foutmeldings notarieel graach it fotonûmer fermelde, as dat fan tapassing is.
By foutmeldings DTB oan ’e hân fan fynsten by Familysearch graach de tekst boppe yn it skerm dy’t begjint mei "https://www.familysearch.org/" en it fotonûmer fermelde.
Tige tank!