Bevolkingsregister / Befolkingsregister
De Befolkingsregisters binne ûntstien út folkstellingen, dy't al sûnt de achttjinde iuw yn Nederlân hâlden waarden. By Keninklik Beslút fan 22 desimber 1849 waard it befolkingsregister foar de Nederlânske gemeenten mei yngong fan 1850 ferplichte steld. Ynwenners wiene ferplichte om harren ferhuzingen troch te jaan, sadat de gemeentebestjoeren altiten krekt op de hichte wiene fan de omfang fan de befolking en wêr't de ynwenners tahâlden.
Mear oer de Befolkingsregister op Wikipedia: nl.wikipedia.org/wiki/Bevolkingsregister
Burgerboeken / Boargerboeken
Boargerboeken, dy't yn oare provinsjes meastal 'poorterboeken' neamd wurde, foarmje in útsûndering op de regel dat de lokale oerheid neat die oan befolgingsadministraasje. Se komme allinne foar yn de stêden. Oan de manlike ynwenners fan de Fryske stêden koe it saneamde ‘burger- of poorterschap’ takend wurde. Om as selsstannige in berop út te oefenjen moast men lid wêze fan in gilde en dêrfoar wie wer it boargerskip easke. Om in funksje yn it stedsbestjoer te krijen moast men al wol in tal jierren boarger wêze. Men waard boarger troch berte of troch 'oankeap'. Boargers hiene ferskate foarrjochten, sa as frijstelling fan beteljen fan guon toljilden. Neidat de kosten (in pear gûne) betelle wiene en de oanbelangjende eed (foar de mennisten: belofte) ôflein wie waard de nijbakken boarger ynskreaun yn it boargerboek. Meastal waarden, njonken de datum fan ynskriuwen en syn namme, ek it berop en berteplak opskreaun, yn guon gefallen (ek) it eardere wenplak of oare gegevens, lykas soannen dy't fuortendaliks ek it boargerrjocht krigen. Troch lang bûten de stêd te wêzen koe it rjocht ek wer ferlern gean (it waard dan "verwoond"). Ut: "Friezen gezocht" troch P. Nieuwland.
Fan de folgjende gemeenten binne de boargerboeken troch te sykjen: Bolsward 1579-1582 en 1609-1799, Dokkum 1547-1798, Franeker 1539-1807, Harlingen 1683-1806, Hindeloopen 1642-1754, IJlst 1634-1771, Sloten 1562-1783, Sneek 1517-1803, Stavoren 1661-1806, Workum 1637-1811.
Burgerlijke stand / Boargerlike stân
Yn 1811 is de Boargerlike Stân ynfierd. Sûnt dy tiid wurdt yn alle gemeenten de registraasje fan berte-, houliksakten en akten fan ferstjerren byhâlden. Om privacyredenen wurde dizze akten pas nei in bepaalde perioade iepenbier. Dat is foar berteakten nei 100 jier, houliksakten nei 75 jier en stjerakten nei 50 jier. Om't de akten faak yn blokken fan fiif of tsien jier publisearre wurde, kinne dizze jierren yn 'e praktyk wat ferskille. Fan alle gemeenten, mei útsûndering fan Weststellingwerf, binne meastal scans fan de orizjinele akten oan de gegevens keppele.
Doop-, Trouw-, Begraaf- en Lidmatenboeken (DTB of DTBL) voor 1812 / Doop-, Trou-, Begraffenis- en Lidmatenboeken (DTB of DTBL) foar 1812
Dêryn kinne jo de nammen fine fan de dopelingen, de trouden, ferstoarnen en lidmaten út de doop-, houlikeboeken, boeken fan ferstjerren, begraffenis en lidmaten fan de Fryske pleatslike tsjerken en gerjochten fan de stêden, gritenijen en eilannen. De lidmatenboeken rinne troch oant 1850. Fan dizze lêste registers binne scans yn de database opnommen.
Mear oer begroeven foar 1812
Mear oer houliken yn de DTB
Mear oer lidmaten yn de DTB
Emigranten
Dizze database befettet gegevens oer emigraasje út in oantal* gemeenten yn Fryslân nei û.o. de Feriene Steaten en Kanada. Dizze registers binne te rieplachtsjen by de oanbelangjende gemeenten. De basis is lein troch mefr. A. Galema dy't foar har dissertaasje wiidweidich argyfûndersyk dien hat. Tresoar hat dêr mei help fan frijwilligers gegevens út oare gemeenten tafoege. Om hjiryn sykje te kinnen, kinne jo folstean mei it yntypen fan op syn minst ien namme. Jo krije dan yn de regel wol in hiel soad antwurden. Dus is it handiger om te sykjen op kombinaasjes fan nammen. Jo kinne ek kombinearje mei in gemeentenamme. Jo kinne it bêste allinne dat type dêr't jo wis fan binne.
Foaroan yn it bestân sitte gegevens dy't troch frijwilligers ynfierd binne. De twadde helte befettet gegevens dy't fêstlein binne troch mefr. Galema. De gemeente Barradiel komt yn beide parten foar, dochs liket der net folle oerlaap te wêzen. De gegevens fan mefr. Galema helje jo der gau út omdat alles yn HAADLETTERS typt is.
*Op it stuit befettet de databank gegevens fan 'e gemeenten: Achtkarspelen, Barradeel, Frjentsjer, Harns, Menameradiel, Smellingerlân, Tietjerksteradeel, Oostdongeradiel, Westdongeradiel, It Bilt, Ferwerderadiel en Wonseradeel.
Huwelijksbijlagen / Houliksbylagen
Om trouwe te kinnen moasten en moatte breid en brêgeman in oantal bewiisstikken ynleverje by de amtner fan de boargerlike stân, de saneamde houliksbylagen. Under dy taheakken fine wy úttreksels út ferskate akten dy't ynformaasje oer it breidspear jouwe. Dêryn faak foarkommende úttreksels binne berte- of doopbewizen, sertifikaten fan ûnfermogen, bewiis fan ferstjerren fan eardere partners, houlikstastimming fan de âlders. As de breid of brêgeman noch gjin 30 jier âld wie en syn of har âlders beide ferstoarn wiene, dan kinne jo ek gegevens oantreffe oer de pakes en beppes. Dizze regeling wie jildich oant 1838.
De houliksbylagen binne oant en mei 1932 omtrint folslein oanwêzich. Houliksbylagen nei 1932 binne ferneatige, útsûndering dêrop binne de taheakken dy't betrekking hawwe op houliken wêrfan ien fan de partners net yn it besit wie fan de Nederlânske nationaliteit.
De houliksbylagen binne yn 2018 digitalisearre en dêrnei keppele oan de houliksakte.
Under de scan fan de houliksakte stiet 1/2 (1 befettet de houliksakte, 2 befettet de houliksbylage). Troch op it pylkje dernjonken te klikken komme jo by de by de akte behearrende bylage, jo kinne dêrnei trochblêdzje mei ‘folgjende’.
Inscripties en grafschriften / Ynskripsjes en grêfskriften
It bestân Ynskripsjes en grêfskriften befettet gegevens oer persoanen út Fryslân oer de perioade 1341-1901. Dy gegevens binne oernommen fan opskriften fan grêfstiennen, roubuorden, muorrestiennen, berteleppels, nammeplaatsjes, tsjerkebanken, tsjerke-oargels, tsjerkesulver ensfh..
De gegevens binne sammele en ynfierd troch de hear Hessel de Walle.
Hessel de Walle is lid fan de Grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân. Dy kommisje bringt grêfstiennen en oare memorabilia yn kaart dy’t fûn wurde by restauraasje fan âlde tsjerken yn Fryslân. Fan de beskreaune objekten binne foto’s makke, dy foto’s kinne besjoen wurde op ’e webside fan Hessel de Walle: www.walmar.nl/inscripties.asp
Kadaster
Likegoed de kaarten út 1832 (‘minuutplans’ as dy út 1887 (‘netteplans’) fan alle Fryske kadastrale gemeenten binne digitalisearre. Dêrop binne alle perselen yntekene en elk perseel is foarsjoen fan in eigen (perseel)nûmer.
Mear oer it Kadaster op wikipedia: fy.wikipedia.org/wiki/Kadaster
Kamer van Koophandel / Keamer fan Keaphannel
Sûnt 1921 binne in soad bedriuwen ferplichte har yn it Hannelsregister yn te skriuwen. It Hannelsregister wurdt byhâlden troch de Keamer fan Keaphannel yn it gebied dêr’t it bedriuw fêstige is. It giet om frijwol alle bedriuwen dy’t yn 1921 bestiene en/of fóar 1977 opheven binne. Fan elk ynskreaun bedriuw wurdt in dossier oanlein. De ynhâld fan it dossier bestiet út in oantal kearngegevens oer it bedriuw, de juridyske struktuer en ferantwurdlike persoanen. Feroaret der wat by it bedriuw, dan komt dat yn it dossier. De dossiers fan útskreaune bedriuwen wurde nei ferrin fan tiid oerbrocht nei in ryksargyf. Fan de Fryske Keamer fan Keaphannel binne de dossiers fan de oant en mei it jier 1977 útskreaune bedriuwen (sa'n 28.000 stiks) oerbrocht nei Tresoar. Yn dizze database (fan de oerdroegen dossiers) kin socht wurde op plaknamme en op namme fan it bedriuw. Dat is yn in soad gefallen de namme fan de eigner.
Mear oer de Keamer van Keaphannel op wikipedia: nl.wikipedia.org/wiki/Kamer_van_Koophandel
Leeuwarden Aanvulling Begraafboeken ca. 1550-1805
Leeuwarden Adresboek 1872 (Hoofdbewoners 1872)
Leeuwarden Grootschippersgilde ca. 1554-1823
Leeuwarden Huisfloreen 1808
Leeuwarden Koopakten 1540-1811
Leeuwarden Wezen (Old Burger Weeshuis) 1619-1824
Leeuwarden Registres Civiques 1811
Leeuwarden Schoorsteengeld 1606
Leeuwarden Stemgerechtigden 1824
Leeuwarderadeel Manspersonen 1812
mear ynformaasje op historischcentrumleeuwarden.nl
Memorie van successie
De ‘memories van successie’ (1818-1902) binne troch de belestingtsjinst opmakke oersichten fan erfenissen. Sy biede de ûndersikers de mooglikheid om ynsjoch te krijen yn de fermogensposysje fan foarâlden. Boppedat kin der ynformaasje fûn wurde oer famyljeleden dy’t oars dreech te finen is. De orizjinele akten binne op de stúdzjeseal te rieplachtsjen. It bestellen fan kopyen is net mooglik.
lês mear oer memoarje fan Suksesje
Militairen 1795-1815 / Militêren 1795 - 1815
It bestân Militairen in leger en marine 1795 – 1815 befettet gegevens oer militêren út Fryslân, yn tsjinst fan it leger of de marine fan de ‘Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden’, de ‘Bataafse Republiek’, it ‘Koninkrijk Holland’, it ‘Franse Keizerrijk’ en/of it ‘Koninkrijk der Nederlanden (Waterloo)’.
lês mear oer Fryske soldaten 1795-1815
Militieregisters
De 'Militieregisters' befette de 'inschrijvingsregisters, alfabetische naamlijsten en lotingsregisters', dy't brûkt waarden tusken 1815 en 1922 foar 'oproeping, loting en keuring'.
Elke manlike Nederlânske en net-Nederlânske ynwenner tusken de 18 en 23 jier moast registrearre wurde.
Men koe in ûntheffing krije op ferskate grûnen, lykas fysike tekoarten en 'broederdienst'. Dizze en oare details wurde opmurken yn it register, lykas in beskriuwing en eventuele lichemsdefekten.
Oant 1862 wiene der yn Fryslân 16 Militiekantons. De kantons waarden ôfskaft mei de Militiewet fan 1861. Twa Militiedistrikten namen har plak yn: It earste distrikt yn Ljouwert en it twadde distrikt op It Hearrenfean.
Op AlleFriezen binne allinich de registers fermeld wêrfan scans beskikber binne: inv.nrs 9546 t/m 9595, 9608 t/m 9659, 9710 t/m 9711, 9714 t/m 9715.
Foar spesifikaasje, sjoch op de side fan Tresoar; Toegang 11 (Provinciaal Bestuur van Friesland 1813-1922), inv.nrs. 9534 t/m 9742, jo kinne der ek mear oer it lêze yn it boek 'Friezen Gezocht' fan P.Nieuwland, side 229
Naamsaanneming 1811
Dizze database befettet de yn 1811 en 1812 yn Fryslân registrearre famyljenammen, mei scans fan de orizjinele akten.Yn 1811 waard it hawwen fan in famyljenamme ferplichte en moast elk haad fan in gesin de namme dy't er keazen hie registrearje litte op it gemeentehûs. Benammen yn it noarden en it easten fan Nederlân dêr't mannichien noch gjin famyljenamme brûkte, betsjutte dat in hiele feroaring.
Omdat hiel wat minsken net lêze en skriuwe koene en der ek noch gjin lannelike staveringsregels bestiene, binne hiel wat nammen ferkeard yn de akten telâne kommen. Sa kin it foaromme dat der yn ien en deslede famylje bytiden meardere farianten fan deselde achternamme brûkt wurde. Tink dêrby bygelyks oan Smit, Smid, De Smid ensfh.
Omtrint alle Registers mei famyljenammen binne bewarre bleaun. Allinne dy fan de eilannen, It Bilt, Menameradiel en Ljouwert binne ferlern gien.
Nedergerechten / Nedergerjochten
Nedergerjochten wiene lokale rjochtbanken dy't in stêd of gritenij (plattelânsdistrikt ûnder lieding fan in grytman) as ressort hiene. Sy binne ûntstean yn de lette Midsiuwen troch it útinoar fallen fan gruttere rjochtsdistrikten. Dat is de reden dat in soad nammen fan gritenijen einigje op -diel. By de Saksyske Ordonnânsje fan 1504 waard de lokale rjochtspraak reglemintearre.
Oant de Frânske tiid wiene bestjoer en rjochtspraak net skieden. De grytman wie dus net allinne te fergelykjen mei in boargemaster, mar ek mei in kantonrjochter. Dochs wie der in wichtich ferskil tusken it foech fan de grytman yn beide funksjes. Yn bestjoerssaken hie hy gjin lêst fan meibestjoerders, mar as rjochter moast hy in kolleezje foarmje mei trije of fjouwer bysitters, ek wol meirjochters of assessoaren neamd, ien fan harren fungearre as substitút-grytman. Fansels wie de grytman wol foarsitter fan it nedergerjocht. Ornaris hiene noch de grytman, noch de bysitters rjochten studearre. It wie dan ek de taak fan de sekretaris, meastal wol in jurist, om de saak yn goede banen te lieden.
Om in spesifyk ynventarisnûmer te sykjen fan in gemeente wêrfan de ynhâld al yndeksearre is: "neder* gemeentenamme xxx" wêrby't xxx it ynventarisnûmer is mei trije posysjes, dus mei 'foarrin' nullen.
Notarieel archief / Notarieel argyf
Dizze database befettet gegevens út akten, dy’t yn de perioade 1809 – 1925 foar de notarissen yn Fryslân opmakke binne. It biedt tagong ta testaminten (oant 1915), akten fan boelskieding, ferkeapakten, skuldbekentenissen en alderlei akten wêrfoar’t de notaris ynskeakele waard.
In part fan dit argyf is digitalisearre, it is mooglik dat aktenûmers fan heech nei leech lizze yn it pakket en dan wurdt de scan fan it heechste aktenûmer as earste werjûn.
By foutmeldings notarieel graach it fotonûmer fermelde, as dat fan tapassing is.
lês mear oer Notarieel argyf
Ontvanger-generaal
Bysûndere betellingen troch Deputearre Steaten fan Fryslân út de opbringst fan guod út kleasters binne sammele yn in twatal boeken mei as titel: “Extraordinaris” (1592 – 1646).
lês mear oer Extraordinaris
Pottenbakkers / Pottebakkers
Dizze database befettet gegevens út advertinsjes út de Ljouwerter Krante (1752 – 1900) oangeande pottebakkers, pottebakkerijen, potskippen en potten en pannen.
lês mear oer Pottebakkers
Quaclappen
Yn de quaclappen (‘quat clappen’ = rabbelje) stean de teksten fan de fonnissen fan it Hof van Friesland yn sivile saken koart en bûnich oantekene. Dizze database befettet nammen fan de partijen (easkers en foarroppenen) út de perioade 1527 – 1591, lykas se yn de ‘quaclappen’ registrearre binne.
lês mear oer Quaclappen
Quotisatie 1749
De ‘quotisatie’, in belesting nei draachkrêft, waard yn 1749 ynfierd. Yn dat jier waarden yn elke stêd en gritenij oersichten makke fan alle húshâldingen mei gegevens oer de gearstalling fan de húshâlding en de wolstân en de op basis dêrfan opleine oanslach yn de ‘quotisatie’-belesting.
lês mear oer Quotisatie 1749
Registres Civiques
Yn de Registres Civiques stean de nammen fan minsken mei stimrjocht (1811/1812). De minsken mei stimrjocht wiene mannen fan 21 jaar en âlder. De registers befetsje gegevens lykas foar- en achternammen, ‘patroniemen’, beroppen, bertedata, ynskriuwdata en (soms) adressen.
lês mear oer Registres civiques
Rolboeken arrondissemintsrjochtbanken (strafrjochtelik argyf)
Dêryn stean de nammen fan foarroppenen dy’t fan 1838 ôf ferskynd binne foar de arrondissemintsrjochtbanken, respektyflik It Hearrenfean (oant 1924), Ljouwert (oant 1940, mar te rieplachtsjen oant 90 jier ferlyn) en Snits (oant 1878). Scans fan de orzjinele rolboeken binne taheakke en biede ynformaasje omtrint de aard fan de saak en de feroardieling. De fonnissen kinne op de stúdzjeseal fan Tresoar ynsjoen wurde.
lês mear oer it Strafrjochtelik argyf
Stemkohieren / Stimkohieren
De stimkohieren wiene bedoeld om de eigeners en brûkers fan ‘stemgerechtigde goederen’, meast buorkerijen, te registrearjen. Yn dizze database kinne jo de gegevens opsykje út de printe stimkohieren fan 1698 en 1728.
lês mear oer Stimkohieren
Studenten Franeker (Alumni)
Dêryn kinne jo de gegevens fine oer betellingen troch Deputearre Steaten fan Fryslân oan skoalbern en studinten (alumni) yn de perioade 1592 – 1646. De stúdzjebeurs waard destiids faak úttsjutte mei de term ‘pensie’.
lês mear oer Studinten Frjentsjer (Alumni)
Tietjerksteradeel bevolking
mear ynformaasje op pnieuwland.nl
Tietjerksteradeel hypotheekboeken
mear ynformaasje op pnieuwland.nl
Tietjerksteradeel informatieboeken
mear ynformaasje op pnieuwland.nl
Tietjerksteradeel speciekohieren
mear ynformaasje op pnieuwland.nl
Volkstelling 1744 / Folkstelling 1744
Troch klachten oer minne hannel en skipfeart besochten de Steaten oft de saneamde havenpacht ôfskaft wurde koe. Ynstee soe in jierliks kwotum hifke wurde op húshâldens. Om de opbringst fan dit kwota foarôf te beoardieljen, waarden alle grietenijen en stêden fersocht steaten yn te tsjinjen neffens resolúsje fan 13 maart 1744. De 'Omschrijvinge van familiën' befettet gjin wiidweidige gegevens, mar is folslein bewarre bleaun. Neffens de boarne hie Fryslân op dat stuit (eksklusyf de eilannen) 135.133 ynwenners. Yn dizze databank fine jo ûnder oare de nammen fan 'e haad fan' e húshâlding en de famyljegrutte en it oanbeane bedrach. Minsken dy't neat oanbean hawwe waarden ferdield yn trije kategoryen: vermogend (wel in staat, maar onwillig), insolvent (niet in staat) respectievelijk gealimenteerd (bedeeld, armlastig). Boarne: P. Nieuwland, Friezen gezocht.
Volkstellingsregister
Sûnt 1829 waarden der yn Nederlân om de tsien jier folkstellingen hâlden. Yn in oantal Fryske gemeenten binne de folkstellingregisters fan 1829 en 1839 - en yn guon gefallen sels de oanjeftebiljetten - bewarre bleaun. De folkstellingen waarden net hieltyd troch byhâlden, wêrtroch de gegevens yn de registers al gau net mear aktueel wiene en dêrom net mear as in momintopname werjouwe. Der kin net yn de folkstellingsregisters apart socht wurde, mar se wurde meinommen by in sykopdracht yn it befolkingsregister fan Ljouwert.
Mear oer de Folkstelling op wikipedia: nl.wikipedia.org/wiki/Volkstelling
Wijkregister
Yn 1843 is de gemeente Ljouwert begûn mei it oanlizzen fan in saneamd Wijkregister. Hjiryn waarden oant ein 1847 per adres mutaasjes fan fêstiging en fuortgean byhâlden, wêrby't bern ûnder de sechstjin jier allinne getalsmjittich neamd waarden. Yn 1848 is dit wijkregister op 'e nij opset, mar yn ferbân mei de lanlike ynfiering fan it Bevolkingsregister fierder net byhâlden. Der kin net yn de folkstellingregisters apart socht wurde, mar se wurde meinommen by in sykopdracht yn it befolkingsregister fan Ljouwert.
In grut oantal fan de hjirboppe neamde boarnen binne tagonklik makke troch de stifting Freonen fan de Argiven fan Fryslân (FAF).
Oanfullingen/tafoegingen 2026:
DTB Lidmatenregister Hervormde gemeente Nijland 1695-1772 (invnr. 877)
Burgerlijke stand geboorten: Kollumerland 1918, Dantumadeel 1921.
Burgerlijke stand huwelijken: Lemsterland 1949, Opsterland 1950, Weststellingwerf 1950.
Burgerlijke stand huwelijken: Doniawerstal 1950, Gaasterland 1950, Menaldumadeel 1950.
Gevangenisregister: Huis van Arrest Heerenveen, periode 1866-1882 (invnr. 1100).
Burgerlijke stand overlijden: Wijmbritseradeel 1970, Achtkarspelen 1970.
Burgerlijke stand overlijden: Hindeloopen 1975, IJlst 1975, Sloten 1975, Stavoren 1975.
Gevangenisregisters: HvB Heerenveen voorlopig aangehoudenen 1909-1923 (invnr. 1147 en 1166).
Gevangenisregister: Harlingen Huis van Bewaring 1869-1874 (invnr. 119-121).
Burgerlijke stand geboorten: Schoterland 1918, Harlingen 1920, Menaldumadeel 1922, Hemelumer Oldeferd 1925.
Burgerlijke stand geboorten: Lemsterland 1922, Dantumadeel 1922, Terschelling 1925.
Burgerlijke stand huwelijken: Stavoren 1950, Sloten 1950.
Burgerlijke stand overlijden: Smallingerland 1972.
Gevangenisregisters: Harlingen Huis van Bewaring 1874-1886 (invnr. 122-130).
Gevangenisregisters: Sneek Huis van Arrest 1838-1866 (invnr. 1186-1189).
Burgerlijke stand geboorten: Ameland 1925, Ferwerderadeel 1925, Schiermonnikoog 1925, Vlieland 1925.
Burgerlijke stand overlijden: Franeker 1970, Schiermonnikoog 1973-1975, Vlieland 1973-1975.
Gevangenisregisters: Sneek Huis van Arrest 1870-1877 (invnr. 1190) en Huis van Bewaring 1844-1864 (invnr. 1191-1192).
Burgerlijke stand huwelijken: Achtkarspelen 1950, Harlingen 1950 en Tietjerksteradeel 1950.
Gevangenisregisters: Sneek Huis van Bewaring 1866-1878 (invnr. 1193-1196).
Burgerlijke stand geboorten: Kollumerland 1920, Sneek 1920, Oostdongeradeel 1921, Dantumadeel 1923, Lemsterland1923.
Gevangenisregisters: Sneek Huis van Correctie 1844-1887 (invnr. 1203-1209).
Burgerlijke stand overlijden: Harlingen 1968, Franeker 1971, Smallingerland 1974.
Burgerlijke stand geboorten: Oostdongeradeel 1922, Westdongeradeel 1923, Dantumadeel 1924, Wonseradeel 1925.
Burgerlijke stand huwelijken: Wijmbritseradeel 1950, Schiermonnikoog 1950.
Burgerlijke stand geboorten: Hindeloopen 1925, Sloten 1925, Stavoren 1925.
Burgerlijke stand overlijden: Workum 1970.
Burgerlijke stand huwelijken: Dantumadeel 1950.
Burgerlijke stand geboorten: Dokkum 1923.
Gevangenisregisters: Sneek Huis van Bewaring, 1888-1922 (invnr. 1210-1218).
Gevangenisregisters: Sneek strafgevangenis, 1888-1922 (invnr. 1219-1221).
Burgerlijke stand geboorten: Oostdongeradeel 1923, Dokkum 1924, Doniawerstal 1924, Lemsterland 1924.
Gevangenisregisters: Leeuwarden Tuchthuis, 1828-1839 (invnr. 1009-1010).
Burgerlijke stand huwelijken: Heerenveen 1950, Hindeloopen 1950, Smallingerland 1950.