Menu

Leeuwarden

Bezoekadres
Groeneweg 1, 8911 EH, Leeuwarden
Postadres
Postbus 21000, 8900 JA, Leeuwarden
Telefoon
058-2332350
Fax
E-mail
historischcentrum@leeuwarden.nl
Openingstijden
ma. gesloten
di.t/m.vr. 11.00-17.00 uur
za. 13.00-17.00 uur
zo. 13.00-17.00 uur

De skiednis fan Ljouwert yn fûgelflecht

Ljouwert is ûntstien út in trijetal terpen oan de oever fan de Middelsee. Foar it jier 1000 wennen hjir al minsken. Fan de tsjiende ieu ôf begûnen dizze agraryske bewenners ek hannel te driuwen. De lizzing oan de Middelsee wie dêrfoar ideaal. De kontakten strekten harren út oant yn Ruslân. Sa begûn Ljouwert him as stêd te ûntjaan. Mar yn de trjettjinde ieu slibbe de Middelsee ticht en konsintrearren de hannelsaktiviteiten harren tenei yn de eigen streek.

Ljouwert krige stedsrjochten yn 1435 en waard haadstêd fan it gewest yn 1504, doe’t it sintrale bestjoer en de rjochtspraak hjir kamen. Dêrnjonken waard Ljouwert de residinsje fan de Fryske steedhâlders. Yn dizze ieuwen kaam de stêd ta grutte bloei. It tal ynwenners gong spektakulêr omheech: fan fiiftûzen om it jier 1500 hinne oant sechtjintûzen yn 1650. Ljouwert hearde doe by de tsien treflikste stêden fan Nederlân. Dêrfan binne no noch in tal monumintale gebouwen út dy tiid as tsjûge. Lykas de Kânselary, dêr’t rjocht sprutsen waard, It Steedhâlderlik Hôf, de Waach as sintrum fan de hannel, en de skeve toer de Aldehou.
It Bloeiende Ljouwert moast wol beskerme wurde tsjin fijannen. Sadwaande krige de stêd rûnom in grêft en wallen. Dy ferdigeningswurken binne letter, doe’t se oerstallich waarden, ôfbrutsen of ta plantsoen makke. De grêften yn de binnenstêd binne sa wat allegearre sparre bleaun. Yn de njoggentjinde ieu ûntstienen de earste wiken bûten de stedsgrêft.

Troch de grutte maatskiplike ûntjouwingen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu, waard Ljouwert benammen wichtich as stêd mei in sintrumfunksje foar de streek. Wylst lannelik sjoen de posysje fan Ljouwert sterk yn betsjutting ôf naam. Hjoed-de-dei is de situaasje noch hieltyd sa. Binnen de relatyf tin befolkte provinsje Fryslân hat Ljouwert, mei goed 85.000 ynwenners, de funksje fan sintrumstêd mei in wiidweidich skala oan foarsjennings.

Troch de ieuwen hinne hat Ljouwert in soad ferneamde persoanen hân op it mêd fan û.o. keunst, literatuer, wittenskip en polityk. Wrâldferneamd binne bygelyks Mata Hari en M.S. Escher. Ljouwert hat dus in rike skiednis. Der is dan ek in soad histoarysk dokumintaasjemateriaal neilitten. Dat wurdt bewarre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.