Menu

Ynstruksjefilmkes

Faak stelde fragen

 

Wêrom binne de berten fan 1913, 1914, ensfh. noch net beskikber, wylst dy net mear ûnder de privacyregels falle?
De ferstjerakten út de boargerlike stân wurde nei 50 jier iepenbier, de houliksakten nei 75 jier en de berte-akten nei 100 jier. Op dit stuit binne de gegevens fan de berten oant 1913, houliken oant 1933 en ferstoarnen oant 1952 beskikber.

Ik bin der net wis fan hoe’t in namme speld waard, hoe kin ik sykje mei staveringsfarianten?
Yn Alle Friezen is in Thesaurus beskikber, dy’t automatysk alle farianten op nammen meinimt by in sykopdracht. Jo kinne dus sykje op Wiebe, Wijbe of Wybe en yn de sykresultaten sille al dy treffers toand wurde.
Jo kinne ek sykje mei saneamde ‘wildcards’. In ? ferfangt ien letter, in * ferfangt meardere letters. Bygelyks: Lolk?ma leveret likegoed Lolkama as Lolkema op.Lolk * leveret û.o. Lolke en Lolkje op. Foaral by frouwenammen dy’t soms mei in –n op it ein speld wurde (bgl. Foekjen), is sykje mei in * handich.

Puntsjes op de ij of net?
Yn de database fan Tresoar wurde nammen mei in ‘ij’ faak mei in ‘y’ skreaun om it tal farianten te beheinen. Dat seit dus neat oer de skriuwwize yn de orizjinele akten. Rekkenje dêrmei by it sykjen.
Yn de regel folget nei in a, o, e of u in Y. Yn de gegevens, ôfkomstich fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert wurde y likegoed  as ij brûkt.
Eartiids waard de letter ‘ij’ yn grutte parten fan it lân as ‘ie’ útsprutsen, tsjintwurdich as ‘ei’. Eins moat dat omdraaid wurde: de ‘ij’ waard oant yn de 19de iuw brûkt om it ‘ie’- lûd mei oan te jaan.
By de measte wurden yn it Nederlânsk is de stavering yn ‘e rin fan de tiid oan de útspraak oanpast. Der binne noch guon útsûnderingen. Sa wurdt ‘bijzonder’ as ‘biezonder’ ‘útsprutsen, alteast no noch.
By plaknammen komt dat ferskynsel ek wol foar, lykas by Wijckel yn Gaasterlân en Wijchen by Nijmegen.
By persoansnammen is de kâns op ferstienne skriuwwizen in stik grutter, om’t dy bûten staveringswizigingen falle en faak sekuer út âldere offisjele boarnen, lykas berteregisters, oerskreaun wurde. Hast alle persoansnammen (foarnammen en famyljenammen) dêr’t in ‘ij’ yn foarkomt kinne ek de fariant mei in ‘ie’, bygelyks Sijbinga en Siebinga. De hjir beskreaune lûdferskowing kin betizing jaan as it om de geve útspraak en skriuwwize fan de eigen namme giet. Guon  sprekke ‘Sijtsma’ ferkeard út, ‘Seitsma’, oaren sette der gjin puntsjes op en skriuwe ‘Sytsma’, ‘Wybenga’, ensfh.

Hoe kin ik myn sykresultaat lytser meitsje?
Dat kin troch in filter te brûken. Om it tal treffers te beheinen, kinne jo it sykresultaat lytser meitsje troch by , Plaats, Gemeente, Bronnen of Periode in opsje te kiezen.

Wêr kin ik gelyk wiidweidich sykje?
Druk op de knop ‘Zoeken’ boppe oan de pagina. Jo komme no yn in skerm dêr’t alle ynfierde persoanen yn fermeld stean. Gean no fierder mei ‘Geavanceerd zoeken’ , te finen ûnder de menuknop Plus, rjochts fan de menuknop ‘Zoeken’. As jo op de menuknop Min drukke, komme jo wer werom yn it ienfâldige sykskerm.

Kin ik myn sykresultaten sortearje?
Fia de blauwe menubalke boppe de sykresultaten kinne jo op de fjilden foarnamme, efternamme, rol, datum, plak en type registraasje in sortearring útfiere litte. Fia de pylkjes efter it betreffende fjild kinne jo klikke foar ‘omhoog’ of ‘omlaag, bygelyks foar de nammen A – Z of Z –A en foar data oprinnend of ôfrinnend.

Hokker datum telt as datum fan it ûntbinen fan in houlik?
By it ûntbinen fan in houlik is de datum fan ynskriuwing fan it skiedingsfûnis yn it register fan houliken en skiedings de offisjele datum fan skieding. De ynskriuwing moast boppedat binnen seis moanne nei de fûnisdatum dien wêze. Mei oare wurden: as in skiedingsfûnis net binnen seis moanne nei de fûnisdatum yn it register fan houliken en skiedings ynskreaun waard, dan hie it fûnis gjin rjochtskrêft en koe it houlik dus yn stân bliuwe!

Ik kom net by de goede akte út.
Dy situaasje kin him foardwaan as de akten ferskate siden beflappe, de nûmering fan de akten op ‘e nij begûn is (yn in supplemintregister bygelyks) of as de akten net nûmere binne en yn de yndeks nei in side (Bnûmer) ferwiisd wurdt. Dan falt it net ta om de yndeksgegevens oan de digitalisearre akten te keppeljen. Yn sa’n gefal is it probleem op te lossen mei it blêdzjen yn it register. De registers binne (fansels) gronologysk opboud en mei help fan de oanjeftedatum (foar berte- en ferstjerakten) of houliksdatum is de goede akte fluch te finen.

Tips foar it besjen fan de scans fan de akte

  • Betiizje it aktenûmer of blêdnûmernet mei de sifers dy’t achter “Bladeren door het register” neamd wurde. It aktenûmer of blêdnûmer stiet op de orizjinele akte of blêd.
  • As der foar it aktenûmer gjin letter stiet, fine jo de akte op de beide siden dy’t ferskine na it oanklikken fan it eachje; mei it hantsje kinne jo de side ferskowe. Jo hoege gjin siden om te slaan.
  • As der foar it aktenûmer in B stiet, fine jo de akte dy’t jo sykje op de rjochterside fan de twa siden dy’t jo te sjen krije of jo moatte in side omslaan. Dan fine jo de akte dêr oan de linkerkant.
  • Slaan in side om troch by “Bladeren door het register” it pylkje foar folgjende oan te klikken.

Moat ik earst in akkount oanmeitsje of ynlogge?
Om fan dit webstee gebrûk te meitsjen hoege jo net yn te loggen en/of in akkount oan te meitsjen. Dy funksjonaliteit is der allinnich foar amtners fan de Fryske gemeenten.

Is it mooglik in akte te downloaden?
It downloaden fan in akte is fergees. Op dit stuit binne fan Opsterlân, East- en Weststellingwerf de akten noch net mei in ôfbylding beskikber.

Hoe wurket it downloaden?
Troch yn it resultatenskerm te klikken op it kamera-ikoantsje wurdt de byhearrende scan fan de akte toand. Wolle jo de akte yn syn gehiel downloade, dan dogge jo dat mei de downloadknop, it twadde ikoantsje fan boppen yn de lofter boppehoeke fan it skerm. Om in part fan de akte te downloaden klikke jo op it seleksjeikoantsje (twadde knopke fan boppen, it fjouwerkantsje mei de stipkes), rjocht boppe yn it skerm.
Mei de mûs lûke jo in ramt om it stik dat printe wurde moat.
Der ferskynt in nij skerm dêr't jo jo seleksje yn opslaan kinne. Klik op "Bevestigen" en it selektearre stik wurdt as JPG opslein op jo kompjûter of iepene yn in programma foar it besjen fan plaatsjes. Fanút dat programma kinne jo de scan printsje.

Wêr fyn ik de akten fan in gemeente dy’t opheven is?
Yn 1811 waarden de besteande Fryske gemeenten ferdield yn 91 mairiën. Nei it ferdriuwen fan de Frânsen waarden yn 1816 de oarspronklike 32 gemeenten en alve stêden wer hersteld. Yn de tweintichste iuw, benammen yn 1984 binne ferskate lytsere gemeenten fusearre, sadat der anno 2019 noch 18 oer binne. Guon gemeenten dy’t opheven binne,  binne ferdield oer twa of mear nije gemeenten. Op dizze webside wurde de akten fan de gemeenten dy’t opheven binne by ien fan dy nije gemeenten ûnderbrocht. Hjirûnder in oersjoch:

Grietenij/gemeente Opgien yn Jier Opgien yn Jier
Achtkarspelen        
Aengwirden Heerenveen  1934    
Ameland        
Baarderadeel Littenseradiel 1984 Súdwest-Fryslân en Waadhoeke 2018
Barradeel Franekeradeel, Het Bildt en Harlingen 1984 Waadhoeke 2018
Bolsward Súdwest-Fryslân 2011    
Dantumadeel        
Dokkum Dongeradeel 1984 Noardeast-Fryslân 2019
Doniawerstal Skarsterlan (deels Wymbritseradeel) 1984 De Fryske Marren 2014
Ferwerderadeel Noardeast-Fryslân 2019    
Franeker Franekeradeel 1984 Waadhoeke 2018
Gaasterland Gaasterland-Sleat 1984 De Fryske Marren 2014
Harlingen        
Haskerland Skarsterlan, Lemsterland en Heerenveen 1984 De Fryske Marren 2014
Hemelumer Oldeferd Nijefurd en Gaasterland-Sleat 1984 Súdwest-Fryslân 2011
Hennaarderadeel Littenseradeel 1984 Súdwest-Fryslân en Waadhoeke 2018
Het Bildt Waadhoeke 2018    
Hindeloopen Nijefurd 1984 Súdwest-Fryslân 2011
Idaarderadeel Boarnsterhim en Smallingerland 1984 Leeuwarden 2018
IJlst Wymbritseradiel 1984 Súdwest-Fryslân 2011
Kollumerland en Nieuwkruisland Noardeast-Fryslân 2019    
Leeuwarden        
Leeuwarderadeel Leeuwarden (foar in part*) 1943 Leeuwarden 2018
Lemsterland De Fryske Marren 2014    
Menaldumadeel Waadhoeke 2018    
Oostdongeradeel Dongeradiel 1984 Noardeast-Fryslân 2019
Ooststellingwerf        
Opsterland        
Rauwerderhem Boarnsterhim 1984 Leeuwarden 2018
Schiermonnikoog        
Schoterland Heerenveen en Haskerland  1934    
Sloten Gaasterland-Sleat 1984 De Fryske Marren 2014
Smallingerland        
Sneek Súdwest-Fryslân 2011    
Stavoren Nijefurd 1984 Súdwest-Fryslân 2011
Terschelling        
Tytsjerksteradiel        
Utingeradeel Boarnsterhim en Skasterlan 1984 De Fryske Marren 2014
Vlieland        
Westdongeradeel Dongeradiel 1984 Noardeast-Fryslân 2019
Weststellingwerf        
Wonseradeel Súdwest-Fryslân 2011    
Workum Nijefurd 1984 Súdwest-Fryslân 2011
Wymbritseradeel Súdwest-Fryslân 2011    

* Yn 1944 waard it súdlike stik fan de oarspronklike gemeente Ljouwerteradiel (mei ûnder oare Huzum, Goutum, Wurdum en Wytgaard) oan de gemeente Ljouwert tafoege. It noardlike part bleau in selsstannige gemeente.


Bewaren